Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Einstân...?

Pleatst: 30-05-2006 / 23:28 oere - Reagearje?


De einstân...


Pleatst: 30-05-2006 / 23:25 oere - Reagearje?


Mission Impossible

Sa wie it al hast... Juster in drokke dei. Earst om 10:00 oere tennisje. Kaam der ek noch wol op oan, want it wie de lêste wedstriid fan 'e kompetysje. Tsjin Galefjild út Hurdegaryp. Mochten sy fan ús winne mei 0-4, dan wiene wy degradearre. Soene se winne mei 1-3, dan hiene wy in lyk oantal punten, mar sy hiene fan ús wûn en by in lyk oantal punten jout it ûnderlinge resultaat de trochslach en wiene wy ek degradearre. By alle oare útslaggen, soene wy tredde fan ûnderen bliuwe en dus feilich. It waard 2-2. Wy bliuwe deryn en Hurdegaryp moat takom jier in klasse leger spylje. Mar wat wie it in striid! De hearen dûbel wie in trije setter, dy alhiel yn lykwicht ferrûn. Wy ha sawat twa en in heal oere op 'e baan stien, dat se koene my nei ôfrin wol ôffiere. Mar wy ha wûn en dat makket wer in protte goed!

Nei de tenniswedstriid moasten wy nei Broeksterwâld om op te treden op it 50 jierrich jubileum fan fuotbalferiening Broeksterboys. En yn de tarieding hie'k hiel wat tiid stutsen. It skriuwen op myn webside bleau der sels wat by... Mar in waard in sukses! Yn in folle tinte ha wy der in moai optreden fan makke. De minsken wiene tefreden en ha o sa lake. Nei ôfrin ha wy noch even noflik sitten yn 'e Refter yn Dokkum en ha wy by Mohammed noch in lekker hapke hân. Dat it mei dúdlik wêze dat ik it hjoed hiel rêstich oandien ha. En as jo dan sneintejûns Tom Cruise sjogge yn Mission Impossible 2 dan tinke jo: ach, der binne minsken dy it noch drokker ha...

Pleatst: 28-05-2006 / 22:58 oere - Reagearje?


Frysk bloed tsjoch op! (2)

Justerjûn hiene wy in toanieljûn op skoalle. Op sa'n jûn is it de bedoeling dat de ferskate groepen in toanielstikje dogge oer ien as d'oar tema. Op de toanieljûn fan dit jier stie it tema Kabaal om Taal sintraal. Fansels kamen der in protte Friezen yn de toanielstikjes foar. En, mar dat wie tafal en net ôfsprutsen, in protte yndianen. Oan it ein fan it stikje fan groep 7 en 8 moast it Frysk Folksliet songen wurde. Dat net elkenien de tekst út 'e holle kin, dat is algemien bekend. It Klink dan en daverje kinne wy allegearre goed meibalte, mar dan hâldt it ek wol op... In jongen fan groep 7 hie der wat op fûn! Sjoch mar nei bygeande foto...
En wês earlik, kinne jimme it út 'e holle sjonge?
Frysk Folksliet ek yn MP3!

Pleatst: 25-05-2006 / 22:48 oere - Reagearje?


Ek foar jûns...

De bern fan myn klasse wolle graach in fideofilm sjen. Nei't wy de ferkiezing foar de moaiste film hân hiene, kaam de film Lepel as winner út 'e bus. Lokkich wie der in jonge yn 'e klasse dy't de film thús hie en woe dizze wol meinimme. Spitigernôch woe de film net ôfspylje fia de PC, want de film wie kopiearre. (Ssst...) Hy sei dat hy de film fia de fideoteek liend hie. Doe't ik him frege oft it in 'dagfilm' as in 'weekfilm' wie, wie hy earst wat mei dizze fraach oan. Doe sei hy deagemoedereard: 'Oh, mar de film wol jûns ek wol hjer...!"
De film Lepel

Pleatst: 23-05-2006 / 17:41 oere - Reagearje?


Hjerst...

Wat in reinwetter de ôfrûne dagen! Dat ús tenniswedstryd tsjin Hallum kaam sneon yn gefaar. Om 11 oere sieten wy al byelkoar yn 'e kantine fan de tennisklup om te oerlizzen wat wy dwaan soene. Wy hiene allegearre gjin sin om ús wiet reine te litten. De tsjinstanner gie der mei akkoard om de wedstryd op himmelfeartsdei te spyljen. En dan mar hope dat it waar better is. No die bliken dat it sneontemiddei dochs wol aardich waar wie: it kleare wat op! En dan bale jo dochs wol in bytsje...


Pleatst: 21-05-2006 / 18:21 oere - Reagearje?


Boekm@il...

Myn groep fan skoalle hat dit jier meidien oan boekm@il. Dit is in lêsprojekt foar de bern fan de groepen 5 & 6 fan de skoallen fan Tytsjerksteradiel. Wy krije 10 boeken en moatte dy dan yn in healjier lêze. Oer de befiningen meie de bern (fan de dielnimmende skoallen) elkoar e-maile. Ek kinne se fan de juffrou fan de bibleteek fragen (ek wer fia e-mail) krije oer de boeken. Ofrûne wike wie de finale. De finale gie oer twa rûndes. De earste wie moandei op skoalle. Fia MSN moasten de bern fragen beantwurdzje oer de boeken. Dit gie hiel goed, wie misten mar ien fraach, dat wy seagen ús al mei de wikselbeker yn 'e hannen yn de krante stean.
Tongersdei wie de twadde rûnde. Alle skoallen moasten nei de sporthal yn Burgum om spultsjes te dwaan, dy't ek wer te krijen hiene mei de boekmail-boeken. Wy hiene ús bern yn twa groepen ferdield. Spitigernôch hiene wy net genôch punten om de earste priis yn ûntfangst te nimmen. De Arke út Burgum waard earste, de Paadwizer út Oentsjerk waard twadde en de Ichtusskoalle út Gytsjerk waard tredde. Wy witte net krekt op hokfoar plak wy eindige binne. Mar wy ha yn elts gefal in prachtige moarn hân, mei fanatyk spuljende bern...
Op de foto: Johannes oan it spikerjen en Paul en Jeffrey sjogge ta...


Pleatst: 19-05-2006 / 22:18 oere - Reagearje?


Ponykeuring

Moai net, dy pony-foto yn de regionale hús-oan-húsblêden. Wilma regelt sa as elk jier by it konkoers Hippique op 24 juny yn Dokkum, de ponykeuring. Dêr dogge altyd in hiele protte oan mei! Foar de PR wurdt altyd in foto brûkt dy't troch ús makke is. Elk jier sitte wy der wer plat foar om in moaie foto út te sykjen. Dit kear joech de pony de trochslach: de earkes sa moai nei foaren! En dit is it orizjineel, foar safier as jo dêr nei al dy digitale kopyen noch fan prate kinne...
Konkoers Hippique Dokkum (Dit is noch in stikje fan ferline jier!)

Pleatst: 17-05-2006 / 19:39 oere - Reagearje?


Broekster Boys

Dizze fuotbalklup bestiet 50 jier. Mei ús kabaret moatte wy in oanpaste foarstelling fersoargje op harren jubileumdei. Yn it oanlevere materiaal komme jo moaie útspraken tsjin. Bg. Oer de sprongkrêft fan harren lytse keeper, dy't altyd hege ballen fleane lit: 'Set mar ris in glês bier boppe op de latte, ik bin der wis fan dat hy him sûnder ek mar in drip te griemen, fan de latte ôfplukke sil...'
www.broeksterboys.nl

Pleatst: 16-05-2006 / 23:36 oere - Reagearje?


Doarpsfeest

Jûn sieten wy as buert byelkoar om it kommende doarpsfeest te bepraten. Op it doarpsfeest stiet altyd in tema sintraal en dêr moat de fersiering fan ús buert by oanslute. Wy wiene it gau iens, dat it wurdt fêst prachtich! Wy binne allegearre optein!!
Understeande foto is fan ús fersiering fan 2002...


Pleatst: 15-05-2006 / 23:14 oere - Reagearje?


Memmedei...(2)

Ek Herman Douwe en Elbrich kamen noch even lâns. (Sûnt Herman Douwe no op him sels wennet, komt hy no op besite...) Mei in moai memmedeikado. Yn it blik sitte allegearre lekkere geurkes. Moast by it earste kado it kuorke eins werombrocht wurde, by dit kado mei Wilma it blik hâlde... En sa waard it in moaie, rêstige memmedei!

Pleatst: 14-03-2006 / 19:46 oere - Reagearje?


Memmedei...

Junior is om kado's út west. Dat mem kin de tún mar wer opknappe. Mar wa bringt it kuorke werom?? Dat kinne jo dochs net samar meinimme?
www.europatuin.nl
Moederdag


Pleatst: 14-05-2006 / 12:34 oere - Reagearje?


Even byprate...

Sa mar twa dagen oerslaan, liket nearne nei! Drokte mei oare saken, sille wy mar sizze. Tongersdei wie ik de hiele dei ûnder de pannen en kaam ik pas om healwei ienen dy nachts thús. Moarns hiene wy in nijsgjirrige boppeskoalske ICT-gearkomst, middeis foar de klas (hearlik slachbal dien op it sportfjild), nei skoalle in teamgearkomst en de jûns moast ik tennisje yn Drachten. (Ja, ja, wer tsjin de Beampipers, mar no in oar team fan dizze klup) It wie in hearlike simmerjûn. In noflike temperatuur en gjin wyn. Ideaal tenniswaar en ek in ideale útslach: 2-2. Wy treffe it mar mei it waar. Miskien komt it ek dêrtroch wol, dat jo net sa gau mear achter de PC krûpe...

De boppeskoalske ICT-gearkomste gie ûnder oare oer it softwarepakket fan de DOTcom school. In prachtich pakket dat wy miskien brûken gean op ús skoallen. Koartlyn is dit bedriuw noch yn 'e slach west mei de NOS, om't, neffes harren, de NOS de reade O fan DOTcom brûkt hie foar it nije logo.
Rode dot is wereldnieuws...
www.dotcomschool.nl

Pleatst: 13-05-2006 / 08:26 oere - Reagearje?


Knikkerttiid!

Moai waar en in hearlik sintsje. Dat de knikkertpûden komme wer foar't ljocht. En fanatyk dat de bern binne! Mear moaie knikkertfoto's op de webside fan ús skoalle...
www.itlemieren.nl


Pleatst: 09-05-2006 / 20:06 oere - Reagearje?


Tulpen út Amsterdam...?

Dêr hiene wy it juster oer... Mar is dit Amsterdam wol? Sa liket it al! Mar fersin jimme net, it is Esonstad. Dit plakje wurdt boud flak by Oostmahorn. In diel fan dizze nije stêd wurdt oplutsen yn 'âlde' styl. En dat op 'e klaai...
Ek dit plakje kamen wy juster tsjin op ús toertocht troch de gemeente.
www.esonstad.com


Pleatst: 08-05-2006 / 22:34 oere - Reagearje?


Tulpen út... Dongeradiel!

Aardige bykomstichheid: Marten Remko hat al dizze tulpen plante...
Loonbedrijf Hoekstra


Pleatst: 07-05-2006 / 20:48 oere - Reagearje?


Denver Miles & Colorado Bill

Oan dizze strip moast ik tinke doe't wy juster tennisje moasten yn Burgum. By tennisferiening de Leechkamp. Harren ploech hie by de hearen in ynfaller. Hy hie noch nea kompetysje spile en kaam út foar in leger team. Dat wy tochten: no ha wy de kâns om punten te pakken! 'Wel, als jullie willen tennissen, ga dan op de baan staan, maar op jullie eigen risico... He He He...'. Mar it pakte alhiel oars út! Wy kamen der net oan te pas en Colorado Bill liet ús alle hoeken fan de baan sjen. Ja, ja, noch nea tennisse... Sa'n ynfaller wol ik ek wol mei!
www.deleechkamp.nl

Pleatst: 07-05-2006 / 12:10 oere - Reagearje?


'Wall of Fame...'(2)

Wat is dit? Ropping misrûn?

Pleatst: 05-05-2006 / 14:03 oere - Reagearje?


Hendrik Jan de Tuinman...(2)

It is der dochs fan kaam... Liket suver kreas!


Pleatst: 04-05-2006 / 20:59 oere - Reagearje?


'Wall of Fame...'

It kopieerapparaat fan ús doarpsblêd stiet al in tal jierren yn de konsistoarje fan de grifformearde tsjerke op de Hantumerhoeke. De tsjerke wurdt net mear brûkt en stiet te keap. Salang as de tsjerke noch net ferkocht is, kinne wy hjir ús doarpsblêd drukke. Foar ús PKN-gemeente drukke wy op it apparaat ek it Tsjerkeblêdsje. Hjoed wie it wer safier en moast it maaienûmer drukt wurde. De konsistoarje is in plak fol âlde herinneringen. Ien wand hinget fol mei moaie foto's fan âld predikanten. Moai om te sjen dat der al hiel wat foargongers west binne, dy't doetiids harren wurk yn de grifformearde tsjerke dien ha. Twa fan dizze predikanten ha'k en noch meimakke. Yn de foto hjirûnder binne se fergrutte.
It drukken gie as't spoar want de masine hie krekt in ûnderhâldsbeurt hân en dan ha jo moai de tiid om soksoarte fan saken te bestudearjen.
Gereformeerde predikanten in N.O.-Friesland tot 1925

Oh ja, en de droege woarst smakke juster hearlik en de kado's kamen moai fan pas!

Pleatst: 04-05-2006 / 21:56 oere - Reagearje?


Twaentachtich...

Myn heit fiert moarn syn jierdei. Doe't ik him it ôfrûne wykein belle sei hy:'Ik ha alles al, ik hoech neat...'
En dan rinne jo in middei wat doelleas yn Dokkum om. Op syk nei it ultime kado. Wy ha fakânsje, dat de auto op in frij parkearplak en dan winkel yn, winkel út. Wat moatte jo sa'n man no jaan? In boek? In DVD? Aftershave mocht net, hie mem sein, want de kast stiet al fol. (Fan wa soe har soan dat no ha...) It foel net ta om in moai kado te finen, mar nei in oere kaam ik dochs mar mei in blik droege woarsten út de slagerij fan Weidenaar. Dan der noch in moaie Fryske CD by en heit sil fêst bliid wêze.
Skeat my al yn 't sin, dat hy de CD miskien al hie, mar by 'the Readshop' (wêrom neame se dat winkeltsje no net gewoan 'de boekewinkel'...) sei it aardige famke dat se net dreech dwaan soene as wy mei de CD werom kamen. Om kertier oer fiven rûn ik wer nei it Hurddraverspark, in plestikpûde mei kado's yn 'e hân.
Doe't ik foarby de Iisherberch kaam, seach ik in boerd mei in grutte blauwe P yn 'e loft stekken. Dochs parkearjild?! Ik waard der kjel fan, want ik hie gjin kaartsje achter it rút... En it wie net sa lang lyn dat ik in parkearboete hân hie. Dat soe dan in djoer kado wurde! Jo meie dochs foar neat parkeare op it Hurddraverspark? Nee dus, it kostet 50 sint deis. It wie ek in hiel skoft lyn dat ik parkeard hie op dit terrein. Mar lokkich, gjin blau briefke achter de rutewisker.
Dat de droege woarst sil moarn fêst goed smeitsje!

Pleatst: 02-05-2006 / 23:56 oere - Reagearje?


As in hûn yn tsjerke...(2)

Omrinne as in hûn yn tsjerke, doelloos rondlopen.
Alde hûnen is it min byljen te learen, een oudere leert niet gemakkelijk iets nieuws...
Dit nei oanlieding fan it berjocht fan juster doe't ik in plaatsje fûn fan in hûn yn it teater en it wurd hûn opsocht yn it Frysk wurdboek. Binne jimme hielendal wer op 'e hichte!
Fryske Akademy

Pleatst: 01-05-2006 / 11:40 oere - Reagearje?


De lêste drip (5)

It is hast in sport wurden: Sir Irish Moos opkeapje fia E-bay. De foarrie is no aardich grut, mar ik bliuw it ynternet ôfstrunen foar mear... En sa lang as it foar in gaadlik pryske is, kost it my noch net myn hûs. (En dat ha wy net iens yn eigendom, kinne jim neigean...) No kaam ik wat moais tsjin op E-bay. Dat dêr ek mar in bod op dien. It is in plaat fan sa'n 26 jier âld. Spesjaal foar Wilma... Want beide ha wy in passy: ik de aftershave en Wilma de hynders. En lit dat yn dizze plaat no moai byelkoar komme! Dat dizze plaat komt no aanst moai boppe ús bêd te hingjen. Dat sil fêst gefolgen ha...
En doe fûn ik ek noch in in link mei allegear ynformaasje oer it troch my sa winske produkt. En as je dat dan sa trochlêze dan tinke jo: soe't wier wol sa goed wêze foar it âlde kin...?
Rasieren als Hobby

Pleatst: 01-05-2006 / 11:37 oere - Reagearje?